Bakker twifelgefal Cambuur

It is noch net wis oft Erik Bakker snein de útwedstriid mei Cambuur spylje kin tsjin FC Grins. De middenfjilder hat hinder fan in ankelblessuere. Sneon wurdt besjoen oft hy spylje kin. Sa net, dan liket Paco van Moorsel de ferfanger te wurden. By Cambuur komt El Makrini nei syn skorsing ferline wike wer werom yn de basis. Ek Michiel Hemmen is werom by de seleksje. Hy liket gjin hinder mear te ûnderfinen fan syn rêchblessuere. Ek Bartholomew Ogbeche is op it paad werom. Hy slút kommende woansdei wer oan by de seleksje sa is de ferwachting.