Noarderljocht yn Fryslân
Op in tal plakken yn Fryslân wie freedtemoarn betiid it noarderljocht te sjen. Benammen fan de Waadeilannen, mar ek út Harns en Frjentsjer wei komme meldings dat it ljochtferskynsel dêr sjoen is. Yn de rest fan Fryslân wie de loft te berûn.
Noarderljocht komt út en troch yn Fryslân foar.