Nij homo-evenemint: Pink Day

28 feb 2014 - 11:13

Fryslân krijt in nij homo-evenemint. Pink Day is bedoeld as aksje tsjin de yntolerânsje tsjin homo's. It evenemint sil op sneon 20 septimber heve, meldt organisator Leon Waai út Amsterdam. Yn it foar organisearret er pre-partys. De earste is takom sneon yn Dance Centre Omar Smids yn Ljouwert.

Neffens de organisaasje hat Nederlân de ôfrûne tiid in soad nei Ruslân wiisd, mar moatte wy earst mar ris sjen nei de problemen mei homohaat yn eigen lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)