Lemster blykt delstutsen
De 39-jierrige man dy't tiisdei mei swiere ferwûnings fûn is yn in hûs op De Lemmer, is delstutsen mei in mes. De man leit noch yn it sikehûs, mar hy is bûten libbensgefaar.
De plysje krige tiisdei in melding dat der bloed op de ruten fan in hûs oan de Galjoot siet. It is noch altyd net bekend wat der krekt bard is yn de wente.