Sven Kramer: Ik bin der wer by

28 feb 2014 - 10:10

Sven Kramer is fan doel om oer fjouwer jier wer mei te dwaan oan de Olympyske Spelen. De folgjende Winterspelen binne yn it Súd-Koreaanske Pyeongchang. As de Fryske reedrider him pleatst, wurdt it syn fjirde Olympiade.

Kramer sjocht mei in tefreden gefoel werom op Sotsji. Hy hat goud wûn op de 5 kilometer en op de ploege-achterfolging. Op de 10 kilometer waard Kramer 'op wearde klopt' troch Jorrit Bergsma, seit er sels yn syn kollum yn De Telegraaf. Kramer helle sulver op dy ôfstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)