Huisman wint KPN Maraton Cup

27 feb 2014 - 21:28

Mariska Huisman hat tongersdeitejûn yn Amsterdam har fjirde KPN Maraton Cup wûn. Huisman rekenne yn de lêste wedstriid fan de kompetysje ôf mei har konkurrinten Janneke Ensing en Foske Tamar van der Wal, dy't twadde en tredde waarden.

De winst yn de lêste wedstriid gong nei Carien Kleibeuker fan It Hearrenfean. Yn it Olympysk Stadion wie de winneres fan it Olympysk brûns op de 5 kilometer yn Sotsji yn de einsprint krekt wat rapper as Lisa van der Geest.

Trefwurden: 
maraton reedriden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)