Doarp nimt supermerk oer

27 feb 2014 - 21:03

Frijwilligers yn Nij Beets soargje der foar dat de pleatslike supermerk iepenbliuwt as filiaalmanager Aize Tolsma op freed 7 maart yn Gouda trout. In tsiental frijwilligers draait in ferskaat oan tsjinsten yn de winkel wylst hast al it personiel feestfiert yn Gouda.

It doarp kin net in dei sûnder supermerk, dêrfoar is de winkel te wichtich. Tolsma wist earst net wat him oerkaam en moast der eefkes oer neitinke, mar fynt it in prachtich plan. De frijwilligers krije takom wike les om der foar te soargjen dat alles goed ferrint.

Trefwurden: 
Nij Beets supermerk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)