Goed jier foar de bijen

27 feb 2014 - 20:47

It liket in goed jier te wurden foar de bijepopulaasje. Ferline winter ferrûn dramatysk foar de bijen, mar it sjocht der no folle better út. Folle mear folken ha de winter dit jier oerlibbe. Wêrom't dat sa is witte de saakkundigen net. Der spylje in soad saken in rol. De bijen fleane no al omdat de temperatuer heech is.

As der no noch in lange perioade fan strange winter komt, soe dat in soad slachtoffers meitsje, omdat de bijen dan gjin blommemoal mear fine kinne. Dat is nedich foar de larven.

Trefwurden: 
bijen ymkers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)