Kramer yn earste rit 500 meter

27 feb 2014 - 20:28

Sven Kramer komt freed by it NK allround yn Amsterdam al yn de earste rit op de 500 meter yn aksje. Titelferdigener Kramer lotte as tsjinstanner Luuc Bugter. De 5 kilometer stiet foar sneon op it programma. Dêryn komt Kramer yn rit 10 yn aksje tsjin Ted-Jan Bloemen.

By de froulju ûntbrekt de regearend nasjonaal allround kampioene Jorien ter Mors. Ek Ireen Wüst docht net mei oan it NK allround. Sy jout de foarkar oan it sprinttoernoai, dat yn it selde wykein it Olympysk Stadion yn Amsterdam hâlden wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)