Sel foar Snitser ferkrêfter

Der is fjouwer jier sel, wêrfan in jier ûnder betingst, easke tsjin in 27-jierrige Snitser. De man is yn novimber oppakt, omdat hy fertocht waard fan oantaasting en ferkrêfting fan meardere froulju, ûnder oare op Lowlands, de Snitswike en de Fiskerijdagen.
Hy folge de froulju dy't yn de boskjes sieten te pisjen. Fierder wol justysje dat de man nei de selstraf in ankelbân krijt en dat it him ferbean wurdt nei grutte eveneminten te gean.