Crone net de bêste bestjoerder

Ferd Crone, boargemaster fan Ljouwert © ANP
Boargemaster fan Ljouwert Ferd Crone is tongersdei as tredde einige yn de striid om Bêste Lokale Bestjoerder fan 2013. Crone waard troch de lêzers en redaksje fan Binnenlands Bestuur nominearre fanwege de ûnferwachte ferkiezingswinst fan Ljouwert ta Kulturele Haadstêd. Ek spruts de sjuery lof fan Crone syn optreden by de grutte brân oan de Kelders yn oktober ferline jier.
It wie lykwols net genôch foar de winst fan de titel Bêste Lokale Bestjoerder. Dy titel gong nei Albert Rodenboog, boargemaster fan Loppersum.