'Húsdokter Skier moat ophâlde'

© Omrop Fryslân
Húsdokter Pauline Kouwenhoven moat binnen 48 oeren har praktyk op Skier dellizze. Dat hat húsdokter Dick Zaal tongersdei easke yn in koart pleit foar de Ljouwerter rjochtbank. Dokter Kouwenhoven wurke yn it ferline foar Zaal, mar woe gjin maatskip mei him foarmje. Kouwenhoven hat yn novimber ferline jier in eigen praktyk iepene op Skier. Se hat doe 60% fan de pasjinten fan Zaal meinommen.
Hy hat dêrtroch in soad finansjele skea oprûn en soarchfersekerder De Friesland driget de gearwurking op te sizzen as der gjin waarnimmer komt.
Zaal wurket op dit stuit sûnder waarnimmer. Hy is boppedat net by steat om in waarnimmer yn te hieren omdat dêrfoar syn omset tefolle weromrûn is. Dokter Pauline Kouwenhoven fersmyt de eask.