Bosken De Sweach opknapt

27 feb 2014 - 15:44

De bosken om Beetstersweach hinne wurde de kommende twa jier flink ûnder hannen naam. Grûneigeners, provinsje, de gemeente Opsterlân en lokale fûnsen hawwe hast in miljoen euro útlutsen om 3000 hektare bosk wer yn eare te herstellen. Ien fan de ûnderdielen dy't weromkomt is de histoaryske fiver. Om it bosk oantrekliker te meitsjen foar publyk, wurde der ek tsientallen kilometers oan mountainbik- en kuierrûtes oanlein.

Ein 2015 moat de opknapbeurt fan de bosken klear wêze.

Trefwurden: 
Beetstersweach bosken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)