Rembrandt yn Hannemahûs Harns

27 feb 2014 - 11:30

Museum It Hannemahûs yn Harns komt mei in unike útstalling fan 104 etsen fan Rembrandt. It giet om portretten. Der is sels in offisjele etsplaat fan Rembrandt te besjen. De tentoanstelling duorret fan 8 maart oant 22 juny.

Neffens konservator Hugo ter Avest is de gearstalling sa unyk dat hy mear as 8000 besikers ferwachtet en dat soe de tentoanstelling 'Rembrandt in zwart-wit' ta de topper fan it museum meitsje.

Trefwurden: 
Harns Rembrandt Hannemahûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)