Hûn ferwûne by sjitpartij

27 feb 2014 - 11:13

By in sjitpartij yn Ljouwert is woansdeitejûn in hûn ferwûne rekke. Syn baas krige op de Nijebuorren spul mei in groepke manlju en dêrby waard in skot lost. De hûn rekke dêrtroch slim ferwûne en moast troch in bistedokter behannele wurde.

De manlju naaiden nei de sjitterij út, guon rinnende, oaren yn in auto. Dy auto is yntusken troch de plysje weromfûn. Oer de oanlieding foar de sjitpartij is noch neat bekend. De plysje ropt tsjûgen op har te melden.

Trefwurden: 
Ljouwert hûn sjitpartij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)