Aris ûnderút yn Zwolle

© awfoto.nl
De basketballers fan Aris hawwe woansdeitejûn mei 91-65 ferlern fan Zwolle. Yn Zwolle kamen de Ljouwerters poerbêst út de startblokken. Nei it earste kwart stie der in 24-16 foarsprong foar de ploech fan trainer Ed Molthoff op it boerd. It gong lykwols hielendal mis yn it twadde kwart, doe't Aris mei 21-8 in feech om 'e earen krige.
Dy tsjinfaller kamen de Ljouwerters net mear te boppe, want ek it tredde en fjirde kwart gongen mei 23-12 en 31-21 nei Zwolle. De thúsploech pakte dêrmei oertsjûgjend de winst.