Vermilion sponsor Hannemahûs

26 feb 2014 - 21:36

It gaswinbedriuw Vermilion is offisjeel sponsor fan Museum it Hannemahûs yn Harns wurden. It museum krijt 7500 euro foar de organisaasje fan ekstra aktiviteiten by de útstalling fan etsen fan Rembrandt. Dizze eksposysje wurdt op 8 maart iepene. Konservator Hugo ter Avest is tige ynnommen mei de gearwurking, ek omdat de gearwurking nei de útstalling trochgiet.

Wat it museum weromdwaan moat is noch net bekend, mar it Kanadese Vermilion wurket dit jier tsien jier yn Fryslân en by dat feest kin it museum in rol spylje, seit Ter Avest.

Trefwurden: 
Hannemahûs Vermilion
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)