De Groot dochs nei rjochter

26 feb 2014 - 21:33

Biologysk boer Thom de Groot út Goattum spant in rjochtsaak oan tsjin it ministearje en de RVO (Rijksdienst voor Ondernemend Nederland). De tsjinst easket dat De Groot opdraait foar de kosten fan it opheljen en fersoargjen fan syn kij. Dy wurde op dit stuit rûsd op 10.000 euro en dat bedrach wurdt heger as de bisten langer opfongen wurde. De saak komt tiisdei foar de rjochter. Neffens de advokaat binne de bisten sûn en kinne gewoan werom komme.

Trefwurden: 
Thom de Groot Goattum RVO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)