Brandaris út de steigers
De steigers om fjoertoer de Brandaris hinne binne woansdeitemoarn fuorthelle troch de wurklju fan oannimmersbedriuw Friso. De ôfrûne trije wike ha de wurklju op Skylge dwaande west mei de grutte renovaasje fan de fjoertoer. Dêrby waarden de kezinen en de dakbedekking ferfongen. Ek waarden skuorren yn it mitselwurk reparearre.