Wüst kiest foar NK sprint

26 feb 2014 - 17:50
Ireen Wüst - Foto: ANP

Ireen Wüst sil dit wykein meidwaan oan it NK sprint yn stee fan oan it NK allround. Wüst kiest bewust foar it sprintkampioenskip om't se it efkes kalm oandwaan wol nei de Olympyske Spelen.

Boppedat sjocht se it riden fan de koarte sprintôfstannen as goede tarieding op WK allround, dat 22 en 23 maart yn Thialf hâlden wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)