Snitser mei ferbeane wapens
In 39-jierrige man út Snits is tiisdei oanhâlden foar it yn besit hawwen fan ferbeane wapens. Yn syn wenning yn de Stasjonsbuert fûn de plysje fjoerwapens, nepwapens, messen, in stroomstootwapen en kûgels. Ek hie de man harddrugs yn besit. De plysje hat it guod yn beslach naam. De man sit noch fêst op it buro foar fierder ûndersyk.