Ynbrekkers yn hûs trappearre

Ynbraak © Omrop Fryslân
In ynwenner fan Hantumhuzen hat tiisdeitenacht twa ynbrekkers trappearre. De man gie nei it húske en seach doe twa ûnbekende manlju yn syn hûs stean. Hy wist se nei bûten te wurkjen en warskôge de plysje. Dy hat noch op syk west nei de twa, mar se net fûn. De plysje hopet se no mei tips as noch oppakke te kinnen. Oft it duo ek wat meinaam hat, is net bekend.