'Lilk oer konklúzjes rapport'

De frou fan ien fan de manlju dy't omkaam is by it ûngelok yn de dongsilo yn Makkingea is lilk en ferbjustere oer de konklúzjes fan de ûndersyksried foar feiligens. De man wurke by Heeres Mix- en Pomptechnyk út Abbegea en wie op 19 juny ferline jier as earste oan it skjinmeitsjen yn de dongsilo yn Makkingea. Hy rekke út de tiid troch gassen út de dong. Twa minsken dy't him helpe soene, ferstoaren letter ek. In tredde rekke swier ferwûne. Ut it rapport docht bliken dat de azembeskerming hielendal net geskikt wie foar wurk yn de dongsilo.
Letselskea-ekspert Anno Pot stiet de frou fan de omkommen man by. Hy hopet dat er mei de fersekering fan Heeres Mix- en Pomptechnyk ôfspraken meitsje kin oer in skeafergoeding, bygelyks foar it ferlies oan ynkommen troch it ûngelok yn Makkingea.
Heeres wol woansdei net yngean op de konklúzjes fan it ûndersyk. In meiwurker fan Heeres seit wol dat yn Makkingea saneamd 'spuiwetter' by de dong dien waard. Dit is wetter dat brûkt is yn filters yn de bargehâlderij. De ûndersyksried seit ek dat de gasfoarming dêrtroch mooglik slimmer wurden is. It bymingen fan it spuiwetter is offisjeel net tastien.