Ferkearskontrôle op A7

26 feb 2014 - 12:13
Autodyk

De plysje hat tiisdei in ferkearskontrôle hâlden op de A7 tusken De Jouwer en Grins. Dêr binne tsien bekeurings by útskreaun. Dy giene ûnder oare nei automobilisten dy't te hurd rieden, net handsfree bellen of op de flechtstrook rieden.

De kontrôle is sawol opfallend as ûnopfallend dien.

Trefwurden: 
plysje ferkearskontrôle
(advertinsje)
(advertinsje)