Jonge Drachtster bedriget frou

26 feb 2014 - 10:38
(stockfoto) - Foto: ANP XTRA

De plysje hat in 17-jierrige Drachtster oanhâlden op fertinking fan bedriging. Hy soe tiisdeitenacht yn Grins in 19-jierrige frou út dy stêd bedrige hawwe mei in fjoerwapen. Neffens de frou wie de jonge dronken. Doe't plysjes de jonge oanhâlden, hie er gjin fjoerwapen by him. Hy is foar fierder ûndersyk fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Drachten plysje bedriging
(advertinsje)
(advertinsje)