Boer De Groot net nei rjochter

Thom de Groot © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
De advokaat fan Thom de Groot út Goattum by Grou ûnderhannelet woansdei oer in regeling dêr't de yn beslach nommen kij fan de boer by werom komme kinne. De 18 bisten binne troch de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit meinaam omdat sy net yn goede kondysje wêze soenen, mar dat bestriidt de feehâlder. In kontra-ûndersyk joech him ek gelyk. Plannen om hjiroer nei de rjochter te stappen, geane foarearst net troch, sa seit De Groot.