Lichem fermiste frou fûn

26 feb 2014 - 10:13

It lichem dat tiisdeitemiddei fûn is yn in greide by Ravenswâld is fan de fermiste Thea Kootstra-Oosting út it doarp. Dat hat de plysje bekend makke. It lichem wie fûn troch in boer, it lei yn in sleat. Hoe't de frou om it libben kaam is, wurdt noch ûndersocht. De plysje hâldt dêrby alle opsjes iepen.

De 52-jierrige Thea Kootstra-Oosting waard sûnt 17 febrewaris fermist. Se waard dy dei foar it lêst sjoen yn in kafee yn Appelskea. De ôfrûne dagen is ûnder oare mei in helikopter nei har socht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)