Undersyk nei dongsilo bekend

26 feb 2014 - 10:03

De ûndersyksried foar feiligens komt woansdei mei de útkomsten fan it ûndersyk nei it ûngelok mei de dongsilo yn Makkingea op 19 juny ferline jier. Dêrby kamen trije minsken om it libben en in fjirde persoan rekke slim ferwûne. It ûndersyk rjochtet him op it gefaar fan gassen dy't frijkomme by it skjinmeitsjen fan in dongsilo. De útkomsten fan it ûndersyk binne fan ynfloed op nije wetjouwing foar dongsilo's. Skjinmakkers en ynspekteurs fan dongsilo's ha earder al om fêste rjochtlinen frege. Boereorganisaasjes pleiten foar dongsilo's sûnder dak.

Minister Lodewijk Asscher hat earder sein dat hy wachtsje woe mei nije regels, oant it rapport fan de ûndersyksried.

Twa fan de slachtoffers fan it ûngelok wurken by Heeres Mix- en pomptechnyk út Abbegea. Dat bedriuw is nei it ûngelok ophâlden mei it skjinmeitsjen fan dongsilo's fan binnenút. Wol is yntusken in alternatyf betocht, wêrby't de silo's skjinmakke wurde, mei in brânwachtspuit op in robotearm. It deadlik ûngelok wie op it hiem fan de famylje Lemmens yn Makkinga. De 26-jierrige Mark Lemmens kaam om it libben. Heit Sjef Lemmens naam fjouwer moanne nei it ûngelok it inisjatyf foar in ynformaasjejûn oer de gefaren fan dongsilo's. Op dy gearkomste yn Donkerbroek kamen in lytse 150 boeren en oare belangstellenden ôf. De fjirde persoan dy't by it ûngelok belutsen wie, in meiwurker fan in leanbedriuw út Easterwâlde, rekke slim ferwûne troch it ynsidint. Hy is noch oan it revalidearjen.

Trefwurden: 
ûndersyk Makkingea dongsilo
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)