Socht duo op opspoaringslist

Antonio van der P. en Enise B. © Plysje Noard-Nederlân
De plysje hat de 25-jierrige Antonio Marcos van der Ploeg fan De Harkema en de 19-jierige Enis Merve Bircan op de nasjonale opsporingslist setten. De twa binne tige gefaarlik, seit de plysje. Tiisdei ûntstie in klopjacht neidat der in tip binnenkaam wie dat it duo yn it Dútske Gronau wêze soe. Letter die bliken dat dat net it gefal wie.
It duo wurdt al in tal dagen socht foar ferskate geweldsdelikten. Se hawwe ûnder oare in ynwenster fan Meppel gizele. Ek soenen de twa nei in sjitpartij in gesin yn Enschede gizele hawwe.