Lichem fûn by Ravenswâld

25 feb 2014 - 16:54

Yn in greide by Ravenswâld is tiisdeitemiddei in lichem fûn. De plysje docht op dit stuit ûndersyk nei de identiteit fan de deade. Oft it in man of in frou is, kin de plysje noch net sizze. Mooglik giet it om Thea Kootstra-Oosting (52) út Ravenswâld. Sy is sûnt goed in wike fermist, nei in besite oan in kafee yn Appelskea. De plysje kin dêr lykwols noch neat oer sizze.

It ûndersyk kin noch de hiele jûn duorje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)