Untslaggen by Jorritsma Bouw

25 feb 2014 - 16:37

Boubedriuw Jorritsma út Boalsert hat tiisdei tritich minsken dien jûn. Der is op it stuit net genôch wurk mear foar de boufakkers, seit kommersjeel manager Reinier Bron.

Jorritsma is finansjeel wol sûn. By it boubedriuw wurkje in lyts 230 minsken. Jorritsma giet meikoarten om tafel mei it fakbûn oer in sosjaal plan foar de ûntsleine meiwurkers.

Trefwurden: 
ûntslach Jorritsma Bouw
(advertinsje)
(advertinsje)