Motor oanriden by Bûtenpost

Motor oanriden by Bûtenpost © Jan Beets
By Bûtenpost is tiisdeitemoarn in motorrider ferwûne rekke. De 41-jierrige man út Oldehove waard op de dyk Ljouwert-Grins oanriden troch in auto bestjoerd troch in 52-jierrige frou út Kollum. Sy woe fan de Hessewei de dyk oerstekke en seach dêrby de motor nei alle gedachten oer de holle.
De motorrider is mei ferskate ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs UMC yn Grins