Frijlitting yn saak-scootmobyl

25 feb 2014 - 14:34

It Iepenbier Ministearje hat tiisdei in 54-jierrige man út Drachten frijlitten. De man siet sûnt 18 febrewaris fêst op fertinking fan belutsenens by de dea fan syn frou. Sy rekke twa wiken lyn mei har scootmobyl yn it wetter. Doe't se derút helle waard, die bliken dat se al ferstoarn wie. De plysje gie earst út fan in natuerlike dea, mar letter wie der dochs oanlieding om de man oan te hâlden.

It ûndersyk nei de dea is noch net hielendal klear. Dochs sjocht it Iepenbier Ministearje gjin reden de man noch langer fêst te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)