EVT hast klear foar farseizoen

25 feb 2014 - 13:20

Twintich man binne op it stuit dwaande om fearboat De Spathoek fan de EVT klear te krijen foar sneon. Dan wol de EVT wer minsken en guod ferfiere fan Harns nei Skylge en werom. Op in werf yn de Harnzer haven leit De Spathoek op it droege.

Sûnt jannewaris waard net mear fearn, om't it skip ûnderhâld nedich hie. Fanwege in ferbod fan steatssiktaris Mansveld dat febrewaris yngean soe, wie it ek ûnwis oft de Spathoek ea wer farre soe. It gerjochtshôf yn Den Haach beslute yn jannewaris dat de EVT wol farre mei. Tongersdei sille se proeffarre.

Trefwurden: 
Harns EVT Spathoek werf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)