Tall Ship Race noch net fol
De organisaasje fan de Tall Ship Race yn Harns siket noch jongeren dy't meifarre wolle. Begjin july wurdt der in race mei grutte sylskippen hâlden fan Harns nei Frederikstêd yn Noarwegen. Jongeren kinne as bemanningslid mei, mar moatte wol sels 1000 euro ynlizze. De organisaasje hat begelieders beskikber dy't de jongeren helpe kinne om it jild byelkoar te bringen. De 15-jierrige Yldau Gijsen út Heech hat it jild garre troch optredens te jaan, mar der binne ek jongeren dy't har sponsorje litte.