Noch gjin beslút ljipaaisykjen
It bestjoer fan de fûgelwacht Grou sil opnij sjen nei it foarstel om allinne oan neisoarch te dwaan en gjin ljipaaien mear mei te nimmen. Moandeitejûn waard by de jiergearkomste troch de leden praat oer it foarstel. In beslút waard net naam, omdat it punt net offisjeel op de aginda stie.
Diskusje smiet it wol op. Ek fan bûten de feriening waard reagearre op it foarstel. Letter sille de leden der noch wol oer stimme. Oft dat yn in ekstra ledegearkomste dien wurdt, of by de gearkomste fan takom jier, wurdt noch troch it bestjoer besjoen.