Fryslân grutsk op Olympiërs

De Olympiërs binne moandei manmachtich wolkom hjitten en bejubele yn Assen. Dêrnei noch in kear by de parse del en doe koe elk nei syn of har wenplak. De ynwenners fan Goaiïngaryp, Wikel en Oranjewâld hawwe har Olympyske doarpsgenoaten ek in waarm wolkom jûn. Yn Goaiïngaryp wiene alle huzen fersierd. Ek dat fan Yvonne Nauta en Margot Boer. Yn it doarpshûs fan Wikel waard Marrit Leenstra huldige en yn Oranjewâld stiene de buorlju fan de Willem de Zwijgerleane klear om Ireen Wüst en Carien Kleibeuker ta te roppen en te lokwinskjen.