Oanlis fytspaad Warten begûn

De oanlis fan it nije fytspaad tusken Ljouwert en Warten is moandei úteinset. Oer de oanlis is tsientallen jierren praat. Earst wie der gjin jild, letter wie der gjin grûn, en doe't alles regele like, hâlde de gemeente Boarnsterhim op mei bestean. De útfiering en skielk de oplevering kaam dêrmei yn hannen fan de gemeente Ljouwert. Dy hat de oanbesteging ferline jier oppakt.
Mei de oanlis fan it lêste stik fan it fytspaad ûntstiet in koarte ferbining tusken Ljouwert en Warten.