Kandidaat-riedslid fan 18 jier

24 feb 2014 - 16:34

De gemeente Opsterlân hat de jongste kandidaat foar in sit yn de nije gemeenteried. It giet om de 18-jierrige Yasmin Muller út Beetstersweach. Sy stiet op de list fan de opposysjepartij OpsterLanders. Neist de jongste kandidaat, hat de partij ek ien fan de âldste kandidaten. Dat is de 80-jierrige Yp de Haan.

Yasmin Muller studearret juridyske tsjinstferliening en hopet as jongere in soad stimmen fan jonge minsken út de gemeente te lûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)