Postsegels mei Frysk ierdewurk

PostNL hat moandei postsegels mei Makkumer en Harnzer keramyk útbrocht. De twa fellen binne ûnderdiel fan de searje Mooi Nederland Keramiek. Yn Makkum krige direkteur Jan Tichelaar it alderearste setsje oerlange. Op de segels stiet Makkumer diggelguod. Yn it Harnzer ierdewurk- en tegelfabryk krige direkteur Rikus Oswald postsegels mei dêrop skippen, wetter en fee.
De spesjale segels binne fan moandei ôf te keap by winkels yn Harns en Makkum en omkriten.