Haai mooglik nei Dolfinarium

24 feb 2014 - 15:37

Meiwurkers fan it Dolfinarium yn Hurderwyk reigzje tiisdei ôf nei Flylân om te sjen nei de tastân fan de flekte toanhaai. It bist spielde snein oan op it eilân. Hy hie in pear ferwûnings, mar it giet no goed mei it dier.

De haai is oerbrocht nei it akwarium fan ynformaasjesintrum De Noordwester op Flylân. Uteinlik doel is om him wer yn see út te setten. Dêrfoar moat er earst oansterkje. Dat kin op Flylân sels of yn it Dolfinarium.

De flekte toanhaai is in slanke haai, de snút is wat puntich. It bist is yn Nederlân seldsum, mar de soart wurdt net bedrige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)