Oekraïners libje tige mei

De Oekraïners yn Fryslân, foar it grutste part froulju mei in Nederlânske partner, folgje op de foet wat yn harren heitelân bart. Se binne ûngerêst fanwege de deaden dy't ferline wike foelen op it Maidanplein yn Kiev. Oxana Gulesarova út Ljouwert is bliid dat presidint Janoekovitsj ôfset is. Se fynt it terjochte, omdat de man neffens har tige korrupt is.
Om deselde reden hoecht âld-premier Timosjenko fan har net werom te kommen, want dy is ek feroardiele foar korrupsje. Oekraïne moat no in lieder krije dy't te fertrouwen is, seit se.
Gulesarova hopet fierders dat Oekraïne de kommende jierren mear oansluting kriget by de Europeeske Uny.