Miedema sportfrou fan it jier

24 feb 2014 - 14:10
Vivianne Miedema yn aksje tsjin Noarwegen - Foto: ANP

Fuotbalster en topskoarster Vivianne Miedema fan SC Hearrenfean is keazen ta sportfrou fan it jier fan de provinsje Drinte. De 17-jierrige Miedema is berne yn Hoogeveen. Sy spilet sûnt 2011 foar Hearrenfean.

Mei 32 doelpunten stiet se fier boppe-oan yn de topskoarderslist fan de BeNe League, de earedivyzje foar froulju.

(advertinsje)
(advertinsje)