'Frou fermoarde ek earste man'

© Omrop Fryslân
It Iepenbier Ministearje fertinkt in 53-jierrige frou út Boxmeer ek fan de dea fan har earste man. It giet om in man út Enkhuzen dy't yn 2004 ferstoar. De frou wurdt ek fertocht fan belutsenheid by de dea fan har man út Frjentsjer yn 2012.
De frou waard yn novimber ferline jier oanhâlden op fertinking fan moard en oplichting. Nije wike freed wurdt har saak foar de Ljouwerter rjochtbank behannele.