Blog: Goodbye Sotsji

24 feb 2014 - 11:04

Sa, it sit der op. Jûn om 22.35 kom ik oan op Schiphol.

Hjoed stiet der neat mear op de planning. Ja, dizze blog skriuwe en op it fleantúch stappe. Dat lêste is op himsels wol krúsjaal.

Wat wie it moai om dit mei te meitsjen. Hurd wurkje? Ja. Kapot? Ja. Bliid dat it der op sit? Earlik sein, ja. Mar it wie it allegear wurdich. De Spelen wiene hystoarysk. Allinnich al kwa medaljes. Dêrom efkes in listje. In persoanlik listje mei hichtepunten en djiptepunten:

De meast bysûndere medalje: Stefan Groothuis
De knapste medalje: Sjinkie Knegt
De meast bizarre medalje: Michel Mulder
De moaiste sulveren medalje: Jan Smeekens
De moaiste huldiging: Marrit Leenstra
De lilkste huldiging: Jorrit, Sven en Bob
De pynlikste parsekonferinsje: Bob en Jorrit nei de 10 km
It lilkste ynterview: Arie Koops
De lilkste parsekonferinsje: Arie Koops
It meast neat-sizzende ynterview: Arie Koops
De bêste kwoots: Jillert Anema
De moaiste triennen: Marrit Leenstra
De pynlikste triennen: Yvonne Nauta
De meast emosjonele triennen: Daan Breeuwsma
De moaiste flokwurden: Sjinkie Knegt
It pynlikste momint: de fal fan Freek van der Wart
De grutste yrritaasje: de Russen
De sympatykste minsken: de Russen
De grutste striid: mei de Aziaten yn de mixed sône
De sympatykse kollega: Thomas Schuurman fan BNR
Respekt: foar al dy ôfgryslik hurd wurkjende NOS-kollega's

En ta beslút. Tank ek oan alle kollega's. Want ek dy ha hiel hurd wurke op de redaksje om Sotsji tichteby de Friezen te bringen. It binne somtiden drege tiden yn de sjoernalistyk. Ek by de Omrop. We moatte der allegear hurder oan lûke, mar we dogge it o sa graach. Tank ek foar al dy leuke en leave berjochtsjes.

Trefwurden: 
argyf Olympyske Spelen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)