Rûzje om bern by restaurant

24 feb 2014 - 10:26

In 51-jierrige man en in 55-jierrige frou út in doarp yn Súdwest-Fryslân binne sneintejûn oanhâlden op fertinking fan mishanneling fan twa bern. In frou út Harns wie mei har beide bern yn in restaurant yn Arum.

De bern boarten bûtendoar, doe't de beide fertochten de mem oansprutsen op it gedrach fan de bern. Der ûntstie rûzje wêrby't de bern stevich fêstpakt waarden troch de man en de frou. Ien fan de bern soe slein wêze. De man en frou binne oanhâlden en op it buro ferheard.

Trefwurden: 
mishanneling Arum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)