Flyers ferliest fan Den Haach

23 feb 2014 - 18:46

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha snein de lêste wedstriid fan de reguliere kompetysje mei 2-1 ferlern fan Den Haach. Op eigen iis wisten beide ploegen yn de earste perioade net te skoaren. Yn de twadde perioade naam Den Haach al nei 28 sekonden de foarsprong. Kevin Bruijsten sette de Flyers yn in powerplay situaasje op likense hichte. Yn de tredde perioade wie it opnij Den Haach dat it fizier op skerp hie en sa de winst pakte.

Troch it ferlies einiget UNIS Flyers as tredde yn de kompetysje en kin him no rjochtsje op de play-offs.

Freed stiet de heale finale yn de play-offs op it programma. Dêryn nimt de ploech fan coach Chris Eimers it op 'e nij op tsjin Den Haach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)