De Jong wint klaaipiipsmoken

23 feb 2014 - 17:34

Rients de Jong fan Goaiïngea hat sneintemiddei it Frysk kampioenskip klaaipiipsmoke op De Jouwer wûn. It is de earste kear yn tsien jier tiid dat der wer in Fries it kampioenskip wint.

Doel is om de klaaipiip sa lang mooglik oan te hâlden. Dêrby mei net mear as 3 gram tabak brûkt wurde. It rekôr stiet op namme fan Hans Sonderman út Dordrecht mei 2 oeren, 51 minuten en 54 sekonden. De Jong wûn snein mei in tiid fan 1 oere, 33 minuten en 33 sekonden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)