Follybalfroulju pakke de beker

23 feb 2014 - 17:32

De follybalfroulju fan Snits ha snein yn Zwolle de follybalbeker wûn troch in 3-1 oerwinning op Peelpush. Yn in spannende finale pakte Peelpush de earste set oertsjûgjend mei 25-19. Yn in lykopgeande twadde set lutsen de froulju fan trainster Petra Groenland in swierbefochten 28-26 setwinst oer de streek.

Yn de tredde set namen de Snitsers it inisjatyf en rûnen maklik út nei in 25-20 setwinst. Yn de fjirde set namen de Snitsers de foarsprong, mar joegen dy noch hast út hannen. Mei in 28-26 setwinst gong de beker mei nei Snits.

Foar it earst sûnt 1992 giet de beker wer nei Snits. Trije jier ferlyn wienen de Snitser follybalfroulju ek al tichtby, mar doe waard yn de finale ferlern fan Weert. It âlde Snitser Olympus wûn yn de jierren '80 fiif kear de beker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)