FVC ferspilet djoere punten

23 feb 2014 - 15:55

FVC hat snein mei 3-2 ferlern fan NEC. Op eigen fjild kamen de Ljouwerters goed út de strartblokken troch in betide treffer fan René Hoen, dy't de bal fan in meter as 20 oer de keeper krulle. Yn de 25e minút sette NEC út in frije traap de lykmakker op it boerd. Claudio Tavares kopte de Ljouwerters foar rêst wer op foarsprong.

Yn de 67e minút wie it NEC dat foar de twadde kear op likense hichte kaam. Ut in frije traap beslisten de gasten út Nijmegen in kertier foar de ein de wedstriid mei de tredde Nijmeegske treffer.

De ploech fan trainer Bert Hollander bliuwt troch it ferlies stean op op 23 punten út 18 wedstriden yn de sneinshaadklasse C.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)